Pronk keart bou fan loads ATF op

© Omrop Fryslân
De opslachloads by ôffalferwurker ATF yn Drachten mei net op 'e nij boud wurde. De provinsje karde de bou-oanfraach goed, mar minister Pronk (miljeubehear) tekene beswier oan.
Pronk fynt dat de miljeufergunning earst oanpast wurde moat. De loads gie by de brân fan ferline jier ferlern. De minister hat de Rie fan Steate frege it provinsjebeslút fan goedkarring te skorsen.