Autofrije snein yn Ljouwert

04 apr 2001 - 00:00

Ljouwert organisearret op snein 23 septimber in autofrije dei. De gemeente slút him dêrmei net oan by de lanlike en Europeeske autofrije dei op sneon 22 septimber. De snein is neffens wethâlder Hafkamp better om't der ek eveneminten yn de stêd plakfine sille.

De autofrije dei wurdt foar de tredde kear holden yn Ljouwert. Dizze kear sil de hiele binnenstêd ôfsletten wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)