Húsdokters min te berikken

© Omrop Fryslân
De âlderein kin húsdokters yn gefal fan need faak min berikke. Dat seit âldereinbûn PCOB. Neffens in ûndersyk fan it bûn is 17 persint fan 'e dokters yn 'e wykeinen folslein ûnberikber.
Ien op 'e fiif âlderen seit dat yn needsituaasjes it de dokter net slagget om binnen it kertier help te bieden. Neffens de PCOB binne dokters op it plattelân better berikber as stedsdokters.