Sedesaak Westeinde oplost

03 apr 2001 - 00:00

Mei de arrestaasje fan in 38-jierrige Ljouwerter hat de plysje in grutte sedesaak oplost. De man wurdt fertocht fan seksuele hannelings mei lytse famkes yn de wiken Westeinde en Aldlân.

De man, dy't de famkes meilokke mei snobbersguod, hat seis sededelikten bekend. De saak soarge foar in soad ûnrêst yn Westeinde, de wykbewenners binne dan ek wiis mei de arrestaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)