Borst skrikt fan Rendac-klean

03 apr 2001 - 00:00

Minister Borst fan Folkssûnens is der kjel fan wurden dat Rentex Floron gjin foarskriften hat foar it waskjen fan Rendac-klean. Se warskôget foar it oerbringen fan tongblier.

De yndustriële waskerij yn Boalsert hat driuwend ferlet fan oanwizings fan it ministearje. Borst hat tasein dat dy der gau komme sille. Rendac yn Sumar ferneatiget tongblierkadavers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)