Platdúts frjemde taal yn Dútslân

© Omrop Fryslân
It Platdúts jildt yn Dútslân as frjemde taal, lykas Frânsk of Sweeds. Dat seit alteast de rjochtbank fan München. De rjochter wiisde in patintoanfraach foar kowematrassen ferline wike ôf omdat de oanfraach yn it Platdúts wie.
It bedriuw giet no yn berop by it Bundesgerichtshof yn Karlsruhe. Dútslân hat it Platdúts wol opnommen yn it Hânfêst foar Minderheidstalen.