Earste IBA yn gebrûk

© Omrop Fryslân
Yn Boazum is moandei de earste IBA yn gebrûk nommen. In IBA is in 'individuele behandeling afvalwater', in soartemint partikuliere wettersuvering.
Alle húshâldens moatte foar 2005 op it rioel oansletten wêze. Offalwetter op it oerflaktewetter loaze mei dan net mear. Foar guon minsken is in oansluting op it rioel lykwols djoer of lestich. In IBA is dan ien fan de alternativen.