Ferfiersferbod noch net opheft

© Omrop Fryslân
Lânbou-organisaasje NLTO doar noch gjin útspraak te dwaan oer de ferromming fan it ferfiersferbod foar skiep. Snein is yn Vaassen, net fier fan Oene, it tolfde gefal fan tongblier fêststeld. De feesykte is noch net nei Fryslân oerwaaid.
Yn 'e omkriten fan Akkrum en Aldeboarn ha boeren moandei de dyk blokkeard en struibrieven útdield. Se wolle dat de EU intsjen tsjin tongblier tastiet.