Muzykynstruminten komme letter

© Omrop Fryslân
De muzykhannel op It Hearrenfean dy't fan it wykein troch brân troffen is, hat ferfangende romte fûn. Op de tydlike lokaasje is inkeld plak foar de winkel en administraasje. It meitsjen fan slach en blaasynstruminten leit foarearst stil.
Muzykferieningen en gruthannels sille troch de brân har ynstruminten sa'n twa moannen letter krije. De brân is oanstutsen. De skea is 2 oant 3 miljoen.