Freoneboekjes yn 't Frysk Museum

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum iepenet oer fjirtjin dagen in útstalling mei de saneamde freoneboekjes út de kolleksje Van Harinxma. De boekjes binne de foarrinners fan de poesy-boekjes.
De freoneboekjes binne makke yn de 17e ieuw en wiene doe yn eigendom fan jonge minsken út it geslacht Van Harinxma. It is de earste kear sûnt 1915 dat de boekjes wer útstald wurde foar publyk.