'Stiltegebod wurdt oerdreaun'

30 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De kommoasje oer it saneamde stiltegebod foar it plattelân is in stoarm yn in glês wetter. Dat seit it Anty-Diskriminaasje buro Fryslân. It buro hat de ôfrûne dagen in soad boeren oan de telefoan hân dy't har diskrimineard fiele.

De berjochtjouwing yn it blêd 'De Boerderij' doogde net. Minister Pronk soe regelje wolle dat boeren jûns en yn 'e nacht gjin leven mear meitsje meie.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)