PvdA wol omtinken foar opfanghûs

29 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Minister Borst fan Wolwêzen moat har ynsette foar it behâld fan de opfang fan jeugdige prostituees yn Ljouwert. Dat fynt de PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer.

Yn Ljouwert is de iennige opfang foar jonge prostituees yn hiel Nederlân. Dy wurdt yn syn bestean bedrige. De PvdA fynt dat de minister foar mear opfang soargje moat.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)