'Boeren ha âlde molke levere'

28 mrt 2001 - 00:00

Foarsitter Aalberts fan Friesland Coberco Dairyfoods is lilk op in tal boeren. Neffens him ha guon nei de 'standstill' it fabryk âlde molke levere.

Fanwege de tongblierkrisis is ferline wike de molke net ophelle. It leverjen fan âlde molke is tsjin de ôfspraken yn. As de kwaliteit fan de molke minder is, sille de boeren dat neffens Aalberts yn de molkpriis fernimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)