Van E. mishannele yn gefang

28 mrt 2001 - 00:00

Angelique van E. is yn it hûs fan bewar yn Swolle mishannele troch in oare gefangene. Neffens de gefangene belle Van E. te lang mei in mienskiplike tillefoan.

De mei-gefangene begûn fan lilkens op Van E. yn te slaan en te skoppen. Dy rekke licht ferwûne. It is ûnbekend oft se oanjefte docht. Van E. is feroardield foar deaslach op baby Risanne Tingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)