Yn alle gemeenten in azc

© Omrop Fryslân
It COA fynt dat alle Fryske gemeenten in asylsikerssintrum binnen har grinzen hawwe moatte. Regiokoördinator Haarsma fan it Sintraal Orgaan opfang Asylsikers bringt de belutsen gemeenten in besite om sa gau mooglik te ynventarisearjen.
Acht gemeenten yn de provinsje fange noch gjin asylsikers op. Der binne ferskate mooglikheden no't it ryk besletten hat om ek lytsere sintra te bouwen.