Deadlik ûngelok by Snits

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige ynwenner fan Bitgum is tiisdeitenacht by in oanriding yn Snits om it libben kommen. Hy joech op in krusing gjin foarrang oan in oare auto. De bestjoerder ferstoar op it plak sels oan de ferwûnings. Ien fan syn passazjiers rekke swier ferwûne yn koma.
Neffens tsjûgen ried de Bitgumer troch read ljocht. De brânwacht befrijde de slachtoffers út de fernielde weinen.