'Flauwe fisken' haven Wolvegea

27 mrt 2001 - 00:00

Yn it haventsje fan Wolvegea is as gefolch fan molke yn it wetter in soad 'flauwe' fisk oantroffen. De brânwacht hat mei ynset fan in wetterkanon ekstra soerstof yn it wetter brocht.

Boppedat lieten guon boatsjeminsken de motoren fan harren boaten draaie, wat ek foar ekstra soerstof soarge. Foar sa'n hûndert fisken kaam de aksje te let.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)