Ljouwert rêdt karavans op

27 mrt 2001 - 00:00

Plysje en gemeente hellen tiisdei yn Ljouwert oanhingweinen en karavans fan 'e wei. It giet om fyftich eksimplaren dy't sûnder kentekenplaat by de dyk stean. Se meie dêr maksimaal trije dagen stean bliuwe.

De oprêd-aksje smyt trijehûndert ekstra parkearplakken yn 'e stêd op. Fan 't hjerst komt de ophelploech op 'e nij yn aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)