Plan wethâlder falt net goed

26 mrt 2001 - 00:00

Wethâlder Den Oudsten fan Ljouwert hat it bedoarn by de bedriuweferiening Hemrik. De wethâlder wol bedriuwen meibetelje litte oan de oplossing fan de ferkearsproblemen. Neffens de bedriuwen is dat in saak fan de gemeente.

Ljouwert praat dizze dagen oer de berikberens fan de stêd. Moandeitejûn is yn De Harmonie de earste ronde fan in debat oer dat probleem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)