Portier skopt jonge tsjin holle

26 mrt 2001 - 00:00

De plysje fan Snits hat snein in 39jierrige portier oanhâlden fanwege swiere mishanneling. De man wurket by in hoarekagelegenheid oan 'e Wide Noarderhoarne. Dêr skopte er dit wykein in jonge besiker (17) tsjin de holle oan.

De jonge lei op dat stuit op 'e grûn. De útsmiter wurdt oanklage foar swiere mishanneling en mooglik sels foar besykjen ta deaslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)