Miljeufergunnings iepenbier
De steatefraksje fan D66 wol dat de provinsje alle miljeufergunnings op ynternet set. Dan binne se foar elkenien te lêzen. It giet om trijehûndert gruttere bedriuwen en ynstânsjes, lykas gemyske yn-dustryen, enerzjybedriuwen, stoarten en púnbrekkerijen.
It idee fan 'e ynternetpublikaasje komt út Brabân. Dêr stean 850 miljeufergunnings op it net.