Cambuur is Telstar oermânsk

© Omrop Fryslân
Cambuur moast sneon op herhelling tsjin Telstar. De wedstriid fan 24 febrewaris dy't stillein wie fanwege in sniebui, moast oerspile wurde. Cambuur stie doe mei 2-0 foar.
Ek yn 'e herkânsing wûnen de Liwwarders maklik. Sandor van der Heide wie mei twa goals de man fan de earste helte. De tredde goal wie fan Hendrik van Beelen. Mei 3-0 komt de neikompetysje yn sicht.