Eksport fleis en suvel mei wer

24 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It ministeary fan lânbou wol nije wike de eksport fan fleis en suvelprodukten wer tastean fanút de provinsjes sûnder tongblier, lykas Fryslân en Grinslân.

De rykstsjinst foar fee en fleis komt mei in 'kanalisatieprotokol' om de produkten út streken mei en sûnder tongblier goed útinoar te hâlden. De eksport fan kij, skiep en geiten bliuwt ferbean. Hynders meie wol wer útfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)