Te min oandacht foar handikapten

23 mrt 2001 - 00:00

Ljouwert moat mear rekken hâlde mei handikapte minsken. Dat seit de 'Werkgroep Toegankelijkheid Leeuwarden'. De wurkgroep hat in rapport opsteld. Dêr wurdt dúdlik yn dat de werynrjochting fan de Nijstêd net geunstich is foar minsken mei in handikap.

De wurkgroep hat yn it foartrajekt fan de weryndieling wol kontakt hân mei de gemeente. Mar dêr is te min mei dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)