Pike- en bargeboeren wolle foer

© Omrop Fryslân
Mear as santich boeren ha al ûntheffing frege by ACM foar it ferfiersferbod. Benammen hinne- en bargeboeren kamen mei it fersyk by feefoerbedriuw. De bisten soenen oars fan de honger omkomme.
Fan tongersdeitejûn ôf is it mooglik in ûntheffingsferbod te krijen. Mei in ferklearing fan de bistedokter kinne boeren har fraach om levering yntsjinje. It ministearje moat dêr tastimming foar jaan.