Koart tongbliernijs

22 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Der binne yn Fryslân noch gjin fertochte buorkerijen, sa meldt de RVV. Yn Reitsum is in skoalle mei in soad bern fan buorkerijen ticht gien. Ek op oare skoallen bliuwe bern thús.

Oant no ta binne 5 boetes jûn foar oertredings fan it ferfiersferbod. Ut supermerken komme berjochten dat minsken suvel en fleis oan it hamsterjen binne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)