Protest tsjin ferwurking Rendac

© Omrop Fryslân
De aksje fan boeren yn de omkriten fan Rendac yn Sumar is freed foarearst in dei útsteld. Se fine dat de kadavers fan mei tongblier besmet fee net net Rendac ta moatte, om't it firus sa yn Fryslân komme kin.
Neffens de boeren moatte de deade bisten by de pleatsen ferbaarnd wurde. Mooglik sette de boeren sneon protestbuorden oan de dyk nei Sumar del.