Partij tsjin 'stiltegebod'
Gemeentebelangen Ljouwerteradiel wol yn de rie prate oer it 'stiltegebod' foar boeren. It ministearje fan lânbou tinkt der oer om boeren te ferbieden nei sânen noch leven te meitsjen.
Dat soe bygelyks betsjutte dat trekkers net mear op it lân kinne. Gemeentebelangen is poer oer dat idee. De boeren hawwe it op dit stuit al dreech genôch, seit de partij.