Gemeenten slute diken ôf

22 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Fanwege de tongblier ha ferskate gemeenten diken en fytspaden ôfsletten foar trochgeand ferkear. It giet om Frjentsjerteradiel, Littenseradiel, Boarnsterhim, Wûnseradiel en Opsterlân.

Yn Frjentsjerteradiel binne guon diken op fersyk fan de boeren sels ôfsletten. Fyftjin fyts- en fuotpaden yn Opsterlân binne yn alle gefallen foar 72 oeren ticht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)