Suvelfabriken ticht

© Omrop Fryslân
It suvelkonsern Friesland Coberco hat in tal fabriken sletten. It giet om fabriken yn Burgum, Easterwâlde, Warkum, Dronryp, Olterterp, Ljouwert en Gerkeskleaster.
Ek de molkriders fan de RMO en De Melkweg sitte wurkleas thús. It is har noch net dúdlik oft se sneontemoarn of sneontejûn wer oan de slach kinne. As it sa fier is, wurdt al it personeel ynset.