Ferbod opheljen fan molke

21 mrt 2001 - 00:00

Molke mei net mear ophelle wurde by de boeren om it risiko fan tongblier te beheinen. Mei dy maatregel kaam de lânbouminister woansdei. It ferbod jildt foarearst oant it wykein ta. Ek feefoer mei net mear fuortbrocht wurde.

Yn de supermerken is noch foldwaande molke en fleis te krijen. Mar fyftjin prosint fan de deistige molkeproduksje komt yn de pakken yn de winkels telâne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)