Strange kontrôle ferfiersferbod

© Omrop Fryslân
De plysje kontrolearret de kommende dagen strang op it ferfiersferbod. By alle tsjinsten wurde 12 minsken ekstra ynset om it folsleine transportferbod yn 'e gaten te hâlden. Alle motorplysjes en gewoane surveillanten moatte wurkje.
Feetransporten sille oanhâlden wurde en de AID wurdt dan warskôge. De plysje ferwachtet lykwols dat boeren en feehannelers har oan de regels hâlde.