Arkades nei Piter Jelles ta

© Omrop Fryslân
Piter Jelles krijt de saneamde oaljefantestallings fan it Saailân. As earste hie de skoalle him oppenearre by de gemeente. De grutte arkades dy't foar it gerjochtsgebou steane, moatte fuort.
De skoalmienskip set de bôgen op it plein by de Montessori-ôfdieling del. De bern fregen al lang om in plak dêr't se by wiet waar stean kinne. De bôgen binne fergees, pleatsing kostet 40.000 gûne.