Maatregels treft ferfierders ek

21 mrt 2001 - 00:00

De skea foar de feeferfierders rint al mar mear op troch it ferfierferbod. Foar Fryslân allinne al wurdt de skea rûsd op miljoenen gûnen. Dat is de ynskatting fan de Brânzje-organisaasje Transport en Logistyk.

De feeriders wolle skeafergoeding ha fan it lânbouministearje. Aksjes om dy eask krêft by te setten, binne mei it each op it nije ferbod foarearst fan de baan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)