Alde pleats fûn

21 mrt 2001 - 00:00

Yn Harns is ferline wike in pleats út de tolfde of trettjinde ieu fûn. De argeologen dy't de fynst dienen, binne tige ferrast. De pleats leit op it terrein dêr't de útwreiding fan de yndustryhaven komt.

Njonken resten fan de pleats binne skerven, bonken, in put en parten fan slotten fûn. Dizze wike wurde de opgravings ôfmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)