Boek 'Foppe' rint as in spoar

© Omrop Fryslân
De Fryske edysje fan it boek oer Foppe de Haan rint hiel goed. Yn ien wike tiid is de foarried fan 2000 stiks oan boekhannels útlevere. It boek fan Eppie Dam jout in portret fan 'in bysûnder gewoan minske' fan de trener fan SC Heerenveen.
Fan it boek is tagelyk in Nederlânske edysje yn in oplaach fan 5000 ferskynd. Ek de ferkeap dêrfan giet dat it slydjaget. Fan beide komt in twadde printinge.