Spjeldsje tsjin rasisme

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten, steate- en riedsleden fan Fryslân ha tiisdei in spjelde krigen mei de tekst 'All different, all equal'. De bestjoerders kinne troch it dragen fan it spjeldsje ekstra omtinken freegje foar rasisme.
De Feriene Naasjes ha woansdei is útroppen ta ynternasjonale dei tsjin diskriminaasje en rasisme. It Ljouwerter buro Anty Diskriminaasje bea de spjelden oan.