Provinsje wol mear toeristen

© Omrop Fryslân
Fryslân moat de kommende tsien jier 15 prosint mear toeristen lûke. Dat stiet yn de nije beliedsnota fan de provinsje 'Ferrassend Fryslân, gastfrij foar toerist en rekreant'.
Boppedat moat in bettere kwaliteit fan 'e toeristyske sektor soargje foar in heger bestegingspatroan. Noard-Nederlân hat de kommende jierren 250 miljoen ta syn foldwaan foar dy ferbettering.