Aksje foar nijbou fan skoalle

19 mrt 2001 - 00:00

De bern fan Daltonskoalle De Finne yn Warten ha skjin har nocht fan it wachtsjen. Al mear as in jier lyn baarnde it skoalgebou ôf. Noch hieltyd is net mei de weropbou begûn.

De gemeente Boarnsterhim wol net oan de easken foldwaan dy't de skoalle oan it gebou stelt om't dat te djoer is. De bern wolle mei 500 hântekens besykje de ûnderhannelings wer op gong te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)