Cambuur ferliest yn Den Bosch

18 mrt 2001 - 00:00

Cambuur hat sneon op 'e nij fan FC Den Bosch ferlern mei 1-0. De Ljouwerter ploech benutte de kânsen dy't it krige net om te skoaren. Yn de earste helte spile de klub goed, mar liet in tal mooglikheden lizze.

Yn de twadde helte skoarde Van de Laak al nei trije minuten. Cambuur rekke dêrtroch fan slach. Ynfaller Loontjes krige in giele kaart en wurdt in wike skorst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)