Bedriuw yn Tsjom op slot

17 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In boerebedriuw yn Tsjom bliuwt oant tiisdei op slot sitten om't it fertocht wurdt fan tongblier. It bedriuw eksportearre fee nei Portugal en dêr kaam ien ko posityf út de test. Neffens deputearre Bijman falt it ta; út in twadde test die bliken dat der neat te rêden wie.

Foar de wissichheid is it bedriuw ôfsluten. Der binne bloedproeven nommen. De útslach dêrfan wurdt tiisdei bekend.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)