NLTO lilk op Dierebeskerming

© Omrop Fryslân
Lânbouorganisaasje NLTO is poer op de Dierebeskerming. Dy is mei in kampanje tsjin it previntyf ôfmeitsjen fan fee út ein set. De Dierebeskerming pleitet foar biologysk fleis.
Freed is de ynfier fan fleis út Argeninië ferbean fanwege de tongblier dêr. Fleisferwurking Brada yn Ljouwert is troch de foarrie hinne. It personiel koe freed earder nei hûs.