Iersk hat te lijen fan tongblier

© Omrop Fryslân
De Ierske taal is ek slachtoffer wurden fan 'e tongblier. Fanwege de epidemy is de Wike fan it Iersk mei tsientallen kulturele manifestaasjes ôflast. Itselde jildt foar de bekende St.Patrickfeesten.
De organisaasje wol no besykje om de wike letter dit jier te hâlden. Yn de Wike fan it Iersk besykje de Ieren om safolle mooglik Gaelic te praten. De rest fan it jier wurdt benammen Ingelsk praat.