Untheffings foar ferfiersferbod

16 mrt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Mear as 15 bedriuwen yn it Noarden ha in ûntheffing krigen fan it ferfiersferbod foar fee dat ynsteld is yn ferbân mei it gefaar foar tongblier. Bedriuwen dy't in ûntheffing wolle, kinne har melde by de NLTO.

Yn it Noarden binne yntusken fjouwer bedriuwen blokkearre om't se fee út Frankryk ymportearre ha. Dêr soene gjin Fryske by wêze.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)