Frysk folkfestival yn Ljouwert

15 mrt 2001 - 00:00

Ljouwert kriget dizze simmer in Frysk folkfestival. Dat sil wêze by De Waach op de Nijstêd as ûnderdiel fan 'Simmer yn de Haadstêd'. Fan Keninginnedei oant ein septimber ta binne der ferskate aktiviteiten.

Sa is der ek in searje eksperimentele optredens fan Simmerwille. 'Simmer' is in inisjatyf fan de gemeente, pleatslike ûndernimmers en de SPL.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)