Earste bedriuws-cao yn metaal

15 mrt 2001 - 00:00

De staking by King Metaal yn Frjentsjer is fan de baan. De fakbûnen binne it mei de direksje iens wurden oer in bedriuwscao. It is foar it earst dat yn Nederlân sa'n cao foar de lytsmetaal ôfpraat is.

De metaal fiert op 't heden aksje foar in kollektive cao dy't foar alle wurknimmers fan de sektor jildt. Dat wurdt dien yn 'e foarm fan in estafettestaking. Freed giet de staking fierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)