Hearrenfean yn heale bekerfinale

© Omrop Fryslân
Troch 4-3 winst op Feyenoord is SC Hearrenfean troch nei de heale bekerfinale. Yn dy heale finale treffe de pompeblêden wer in sterke tsjinstanner: PSV. It wie in spannende en oantreklike wedstriid, woansdei yn it Abe Lenstrastadion.
Anthony Lurling hie mei twa goals in belangryk oandiel yn de winst. Allbäck en Jensen skoarden beide ien kear. Lurling fynt PSV 'in ideale tsjinstanner'.