Stêd ôfsletten mei slachbomen?

© Omrop Fryslân
Mooglik sille slachbomen tenei it ferkear út it sintrum fan Ljouwert keare. Dat stiet yn de evaluaasje fan de werynrjochting fan it sintrum.
Hoewol't de sted offisjeel autoluw is, is der noch altiten tefolle ferkear. Om dat tsjin te gean moat de plysje stranger kontrolearje. As dat neat opsmyt kinne slachbomen miskien rêding bringe.