Kruidhof gjin 'natuerapoteek'

© Omrop Fryslân
De stifting JOB út Bûtenpost sil De Kruidhof yn dat plak net oernimme. De stifting woe yn de krûdetún de earste natuerapoteek fan Nederlân iepenje, mar de gemeente is net foar de plannen.
JOB woe ek in in sâltwetterbron iepenje en it terrein útwreidzje. De stifting hâldt him dwaande mei de produksje fan natuerlike genêsmiddels ûnder oare mei help fan weed.