Ljouwert keapet stadion net

© Omrop Fryslân
It Cambuurstadion wurdt net troch de gemeente Ljouwert kocht. B en W ha gjin belang by it fuotbalstadion fanwegen mooglike eksploitaasjerisiko's.
De haadstedske klub sit finansjeel yn swier waar. Dêrom hie it bestjoer it stadion foar 15 miljoen gûne yn 'e oanbieding. Cambuur woe it stadion dan fan de gemeente hiere. De gemeente joech al goed fjouwer miljoen oan Cambuur út.